Weening wol foar himsels ride

12 nov 2006 - 12:41

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wol takom jier mear kânsen krije om foar himsels te riden yn de lytsere etappekoersen. Hy wol bewize dat er dêrmei ek koersen winne kin. Weening sei dat snein yn it radioprogramma Sportkafee fan de Omrop.

Dit jier wie Weening foaral knecht fan de kopmannen fan de Rabobankploech. De koereur fan De Harkema hat noch oant ein 2007 in kontrakt mei de Nederlânske sponsor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)