60% nije saken Drachten ferhierd

© Omrop Fryslân
Sa'n 60% fan it nij te bouwen winkel- sintrum op it Raadhúsplein yn Drachten is ferhierd. Der komt ûnder oare in festiging fan de Mediamarkt yn.
It Raadhúsplein krijt in kompleet nij uterlik. Der komt nije winkelrûmte mei dêrboppe wenningen. En ûnder it plein komt in parkeargaraazje. In arsjitekteburo út Amsterdam is dwaande mei it meitsjen fan sketsûntwerpen. De gemeente Smellingerlân wol de plannen begjin takom jier presintearje.