Eksposysje oer Kamp Vught

12 nov 2006 - 12:13

'Licht in het donker' is in eksposysje oer it wurkkommando yn Kamp Vught yn de Twadde Wrâldoarloch. De útstalling is oant 28 jannewaris te sjen yn it Fersetsmuseum Fryslân yn Ljouwert.

It wurkkommando wie unyk, omdat Philips as iennichste partikuliere bedriuw tastimming krige om dêr te produsearjen. Minsken dy't dêr wurken, krigen mear te iten en hiene in soarte fan beskerme status. Philips koe sa guon finzenen fan de dea rêde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)