Nije rêdingsboat goedkard

12 nov 2006 - 12:09

De nije rêdingsboat Joke Dijkstra is goedkard. De kantelproef is slagge. It skip komt yn Den Helder te lizzen en is fan itselde type as de Anna Margaretha fan It Amelân. Dit skip gie twa wike lyn in pear kear oer de kop yn in stoarm op de Noardsee.

De Joke Dijkstra is nagelnij en kantele fjouwer kear yn de feilige haven fan Hylpen, mei help fan in hyskraan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)