Spesjale St Marten op De Lemmer

Bern op De Lemmer ha sneon wol in hiel spesjaal Sint Marten-ferske songen. By it oanbeljen songen se in ferske dêr't yn frege waard om in generaal pardon foar 26.000 útprosedearre asylsikers.
Oant de Twadde Keamerferkiezings fan 22 novimber rinne de bern alle jûnen troch De Lemmer en belje se by minsken oan. Ek sille se nei it gemeentehûs. Mooglik gean se ek noch nei it ministearje fan Frjemdlingesaken yn Den Haach.