Animo 'Reumadei' falt ôf

© Omrop Fryslân
De animo foar de 'Sport- en Beweegdag foar Reumapasjinten' foel ôfrûne sneon ôf. Fan de 1460 reumapasjinten yn Fryslân kamen mar sa'n hûndert nei Beetstersweach.
It gie om gesellichheid, ynformaasje en foaral sels bewege. Alles ûnder begelieding fan trainers en fysioterapeuten. De minsken mochten gebrûk meitsje fan de sporthal en it swimbad. Der waard mei grut entûsjasme sporte en dûnse.