Anni Friesinger wint 1500 meter

11 nov 2006 - 16:34

Anni Friesinger dy't no yn Fryslân wennet, hat sneon de 1500 meter wûn op Thialf yn in tiid fan 1.56,90. Dat barde tidens de Wrâldbekerwedstriden dy't dit wykein op It Hearrenfean ferriden wurde.

De Dútse fersloech yn de lêste rit Ireen Wüst dy't tredde waard yn 1.57,31. It twadde plak wie foar de Kanadeeske Nesbitt yn 1.56,95. Gianni Romme is no coach fan Friesinger, mar hy mocht noch net yn aksje komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)