Parkeargaraazje goedkeaper

11 nov 2006 - 15:49

De parkeargaraazje ûnder it Oldehoofsterkerkhof falt 3,6 miljoen euro goedkeaper út as begrutte. De gemeente hold earder al rekken mei in tafaller fan 2,9 miljoen.

De garaazje is wol in heal jier letter klear as tocht. De oplevering wie pland foar novimber 2006, mar is opskood nei maart takom jier. De fertraging is ûntstien omdat der grut argeologysk ûndersyk nedich wie nei de fynsten út de Romeinske tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)