Ferkrêfter fan jonges oanholden

© Omrop Fryslân
In man (59) dy't yn 2001 feroardiele is foar ferkrêfting fan minderjierrige jonges, is dalik nei't er syn straf yn maart útsitten hie wer yn de fout gien mei in Sineeske asylsiker (19).
De man is dizze wike oanhâlden yn syn nije wenplak yn Dútslân troch it mensenhandelinterventieteam fan de plysje Fryslân. Hy misbrûkte jonges en bea se ta prostitúsje oan. Dat barde in soad yn Fryslân op homomoetingsplakken.