Oare jier wer Fryske Music Night

11 nov 2006 - 13:28

De Kast sil takom jier wer optrede op de Fryske Music Night. Dat sei sjonger Syb van der Ploeg freed nei ôfrin fan in reuny-optreden op de earste Music Night yn WTC/Expo yn Ljouwert. In nije cd fan de Kast komt der net en ek in konserttour is útsletten.

It wie freed foar it earst dat De Kast yn de âlde besetting wer op it poadium stie. Achttûzen minsken wiene derby. Fjouwer jier lyn giene de bandleden útinoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)