Gemeente Ljouwert dielt jild út

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert rydt sneon mei in bus troch de stêd om jild út te dielen. It giet om it projekt DOEN. De gemeente hat in skoft lyn 2 miljoen euro krigen om efterstânswiken wer wat leefberder te meitsjen.
De buertbewenners moatte sels mei plannen komme. It moat wol wat bliuwends wêze. De plannen wurde besjoen en it beste idee krijt in jildbedrach.