Sven Kramer 6e op 1500 m

© Omrop Fryslân
Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat is freed op de 1500 meter yn Thialf 6e wurden mei 1.47,36. Op it Hearrenfean wurde dit wykein de Wrâldbeker wedstriden riden.
Kramer wie tefreden, mar hie wol 1.47 rûn ride wolt of in 1.46,9. De winst gie nei Erben Wennemars mei 1.45,96. Twadde waard Shani Davis út Amearika mei 1.46,45 en it tredde plak wie foar Jan Bos mei 1.46,76. Moarn komt Sven Kramer út op de 5 kilometer.