Protest tsjin opfang jongeren

10 nov 2006 - 17:04

Omwenjenden fan de âld-gersdroegerij by Harich komme yn opstân tsjin de komst fan in 24-oereskoalle. De skoalle wurdt in soarte fan ynternaat foar sawat hûndert probleemjongeren.

Foar de omwenjenden kaam de nije bestimming fan it âlde fabryk folslein út de loft fallen. Se binne benaud foar oerlêst. Fierders tinke se dat toeristen de gemeente tenei mije sille om't de probleemjongeren dêr opfong wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)