Wer aksje tsjin nije soarchwet

Thússoarchorganisaasje Samenzorg stapt mooglik nei de rjochter om de oanbestegings yn de húshaldlike help yn in part fan Fryslân werom te draaien. Samenzorg fynt dat de oanbestegingsproseduere net goed dien is yn de Stellingwerven, Opsterlân, Smellingerlân en Tytsjersteradiel.
Earder is de proseduere ek oerdien yn Noardwest-Fryslân. Yn de oanbesteging wurdt bepaald hokker organisaasje húshâldlike help oanbiede meie.