Kissi wol nei Feijenoord

10 nov 2006 - 12:02

Abdelkarim Kissi wol Hearrenfean yn de winterstop ferlitte. It leafst giet hy nei de Frânske kompetysje, mar ek Feijenoord liket de 30-fâldich Marokkaansk ynternasjonal wol wat.

Kissi is kritysk oer Hearrenfean: de ploech is fierstente ôfhinkelik fan de grillen fan de Brasiliaan Afonso Alves of fan in yndividuele aksje fan Lasse Nilsson. Kissi fynt dat trainer Gertjan Verbeek ferantwurdlik is foar it smeden fan in goed kollektyf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)