'Opfang jonge asylsikers nedich'

10 nov 2006 - 10:29

Der moat in provinsjale opfang foar minderjierrige útprosedearre asylsikers komme. Dat fynt de ried fan Dongeradiel. In mearderheid fan de ried die tongersdei in oprop oan de Twadde Keamer om te sjen oft sa'n opfang bygelyks yn Ljouwert komme kin.

Neffens de ried komt it te faak foar dat jonge asylsikers ferdwine yn de yllegaliteit of yn de prostitúsje. Dongeradiel is sels ek dwaande mei it oprjochtsjen fan sa'n opfanghûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)