Award foar nije Omrop-app

21 mrt 2012 - 08:34
  • Nije apps Omrop Fryslân

De nije applikaasje fan Omrop Fryslân foar de i-phones hat de Media App Award 2012 wûn. Dat is juster bekend makke yn Bussum. De priis jildt foar de app fan alle regionale omroppen. Grutte konkurrinsje wie der fan RTL en Nu.nl.

De app is in gearwurking tusken alle regionale omroppen, de basis is deselde, mar de ynhâld ferskilt per omrop. De apps berikke mei-elkoar sa'n 300.000 besikers. De applikaasje kin oanpast wurde nei elk syn ferlet.

Fia it menu ‘Mear’ kin de kategory fan jo kar yn de menubalke sleept wurde. Bygelyks plysjeberjochten, polityk nijs, berjochten oer ferkear en ferfier, kultuer, ekonomy, ensafuorthinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)