Grêfstien foar asylsikers

10 nov 2006 - 10:04

Acht asylsikers dy't begroeven lizze op it begraafplak yn Sint Anne krije ein dizze moanne in grêfstien. De acht binne by har ferstjerren op kosten fan it COA te hôf brocht. Dy hat der lykwols gjin grêfstien by set.

Frits Slicht út Amsterdam fûn dat dat net koe en skeakele de Stichting Memento Gedenkbeelden yn. Keunstners dy't oansletten binne by dy stichting ha no grêfstiennen makke. Dy wurde ein dizze moanne op de grêven pleatst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)