Fryslân krijt wer in Fryske VVV

09 nov 2006 - 21:07

De Provinsje en de Fryske gemeenten wolle wer in Fryske VVV. Dat is tongersdei besletten yn Drachten. De lokale VVV kantoaren kinne har aanst by de stifting Fryske VVV. De stifting sil de lokale VVV kantoaren oanstjoere en gearwurkje mei Fryslân Marketing.

Oer de taken binne al ôfspraken makke. Fryslân Marketing sil him rjochtsje op de promoasje. De VVV moat ynformaasje jaan en produkten ûntwikkelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)