Streupers by Snits oppakt

09 nov 2006 - 17:37

It Fiskstreupersteam hat tongersdei by Snits twa fiskstreupers oanhâlden. De fertochten wienen in net oer in lingte fan 500 meter oan it ynheljen. Se koenen earst ûntkomme, mar letter binne se dochs pakt.

Neist it fisktúch is ek de boat en bûtenboardmotor fan de streupers yn beslach naam. Tsjin de fertochten wurdt proses-ferbaal opmakke. De yn beslach nommen snoekbears en brazem is ferkocht fia de fiskôfslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)