Paulusma bekendste waarman

Pyt Paulusma is de meast favorite en bekendste waarman fan Nederlân. Dat docht bliken út ûndersyk. Erwin Kroll einige op it twadde plak.
Neffens de ûndersikers is Paulusma it popûlerst by froulju, minsken mei in lege oplieding en Noarderlingen dy't al mear as tsien jier bekend binne mei syn ofwikende styl fan waarfoarsizzen. Goed 80 prosint fan de Nederlanners sjocht of harket alle dagen nei in waarberjocht.