Op syk nei nije jirpelsoarten

Der wie in soad ynternasjonale belangstelling op 'e jierlikse jirpeldagen. By poatjirpelferkeaper HZPC op 'e Jouwer kamen mear as sânhûndert jirpelhanlers út de hiele wrâld by elkoar. Se wienen op syk nei nije jirpelsoarten, lykas de Mozart.
De minne rispinge fan dit jier hat soarge foar hegere jirpelprizen en is dêrom in ynteressante merke wurden. De ferwachtings foar it nije seizoen binne goed.