Priis foar Balkster bedriuw

09 nov 2006 - 16:31

It bedriuw Paques út Balk hat de China Trader Award krigen. De priis wurdt alle jierren takend oan in bedriuw dat suksesfol saken docht mei Sina. De sjuery hat foar Paques keazen fanwege de nije technologyen fan it bedriuw en de bydrage dy't levere wurdt oan it miljeu yn Sina. Paques hat yn dat lân in fêstiging yn Shanghai.

Paques waard ferkeazen boppe twa oare bedriuwen. De priis is tongersdei útrikt op in byienkomst yn Wassenaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)