Soad nije leden foar Fryske Gea

09 nov 2006 - 16:03

De nije ledewinaksje fan It Fryske Gea is in sukses. De aksje is ein oktober begûn. Der binne al 450 nije leden. De natuerorganisaasje wie de ôfrûne wike wrâldnijs yn ferbân mei de hynders op har gebiet by Marrum. Sa'n 150 hynders wienen ynsletten troch it seewetter. It Fryske Gea hat der in protte reaksjes op krigen. Sân minsken ha it lidmaatskip opsein.

It Fryske Gea hat 25.000 leden en sa'n 20.000 bunder natuergebiet yn behear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)