Learstraf yn ferkrachtingssaak

09 nov 2006 - 15:03

De rjochtbank yn Ljouwert hat tongersdei in jonge (14) feroardield fanwege de ferkrachting fan in minderjierrich famke. De jonge krijt tritich oeren learstraf en in kursus seksualiteit. Dy straf is gelyk oan de eask fan it Iepenbier Ministearje. De jonge soe op 27 maaie in famke yn in badkeamer yn Snits ferkrachte ha.

De behanneling fan de saak fûn plak achter sletten doarren, om'tt de jonge minderjierrich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)