Hynders dea nei iten fan ikels

09 nov 2006 - 12:45

Yn Suwâld binne trije hynders stoarn nei it iten fan in grut tal ikels. Yn de ikels sit in giftige stof. As hynders tefolle ikels yn de mage krije, kin dat fataal wêze.

Bistedokter De Boer út Gytsjerk hat de trije hynders ûndersocht. Se libben noch doe't de eigner him warskôge. De oare hynders ha ek fan de ikels iten, mar net sa'n soad as de oare trije. De rest fan de bisten binne gewoan sûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)