Provinsje foech jaan oer Frysk

It Frysk taalûnderwiis moat it foech fan de provinsje wurde. Dat fynt de jongereinferiening fan de FNP. As letter dizze wike de jongerein fan de Europeeske Alliânsje yn Ljouwert gearkomt sille de jonge FNP'ers besykje stipe te krijen foar dat plan. Se tsjinje in moasje yn wêryn't pleite wurdt foar it ûnderbringen fan it sizzenskip oer de minderheidstalen by de regionale oerheden.
Yn Fryslân groeie bern as analfabeet op yn harren eigen taal en dêrom moat de provinsje it foech krije goed taalûnderwiis op poaten te setten, fine se.