Stille earmoede bestride

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân lûkt ien miljoen euro út foar de bestriding fan de stille earmoede. De PvdA-steatefraksje hat dat foarsteld. It jild moat ekstra opnaam wurde yn it Sociaal Investeringsfonds fan de provinsje en mei allinnich brûkt wurde om de earmoede oan te pakken.
De steateleden wolle wol dat it bedrach pas beskikber komt at der belied makke is op de problematyk fan de stille earmoede.