Visser hat spile op it WK

© Omrop Fryslân
Sanna Visser fan Deinum hat har debút makke op it WK foljebal yn Japan. Yn de wedstriid tsjin Ruslân waard se foar it earst ynbrocht. Nederlân ferlear kânsleas fan Ruslân. De Russen wienen yn trije sets mei 25-17, 25-18, 25-16 te sterk.
Nederlân is no útskeakele foar in medalje. De ploech komt noch wol yn de beneaming foar de plakken fiif oant en mei acht. Nederlân spilet noch tsjin Azerbeidzjan en Sina.