Ferhuzing Fries Museum giet oan

Der komt in nij Fries Museum op it Saailân. De útslach fan de stimming yn Provinsjale Steaten wie 28 stimmen foar en 26 tsjin. FNP'er Marten van der Veen wie ôfwêzich, omdat hy krekt operearre wie, mar hy waard foar de stimming ophelle om syn stim útbringe te kinnen.
De krúsjale stim wie lykwols dy fan D66-steatelid Sieswerda, dy't dus úteinlik foar it beskikber stellen fan de noadige 5,5 miljoen euro stimde.