Friese Land bliuwt yn NW-Fryslân

Der komt in nije oanbesteging fan de hushâldlike soarch yn Noardwest- Fryslân. Oant dy tiid bliuwt alles by it âlde. Dat hâldt yn dat it Friese Land har wurk hâldt yn dizze regio.
Earder noch ha de meiwurkers oant Den Haach ta protestearre. Guon partijen hiene beswier makke tsjin de oanbesteging. De gemeenten wolle de thússoarch garandearje. Juridyske prosedueres soene allinnich mar tiid en jild kostje.