Museum hoecht Philips-guod net

08 nov 2006 - 12:29

It Fries Museum yn Ljouwert sil net biede op âlde sulveren foarwurpen út de kolleksje fan Frits Philips, de ferstoarne eardere direkteur fan Philips. De foarwerpen wurde begjin desimber ûnder de hammer brocht op in feiling yn Eindhoven.

It giet ûnder oare om in tal kandlers dy't yn 1727 yn Ljouwert makke binne en in tabakspot, dy't 55 jier letter ek yn Ljouwert makke waard. It museum hat al soartgelikense foarwerpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)