Pamflet tsjin kearnôffal

© Omrop Fryslân
De PvdA-steatefraksjes yn Fryslân, Grinslân en Drinte ha steatssekretaris Van Geel woansdei witte litten dat se tsjin de opslach fan kearnôffal yn it noarden binne. De trije fraksjes hawwe de steatssekretaris op in konferinsje yn Havelte in pamflet oanbean wêr't se har beswieren yn kenber meitsje.
De noardlike PvdA-fraksjes fine dat it kearnôffal te lang gefaarlik bliuwt. Se wolle dat de steatssekretaris nei alternativen foar kearnenerzjy siket.