Opskuor oer 'bleate' poster

Der is opskuor ûntstien oer posters foar in foarstelling yn teater De IIsherberch yn Dokkum. Op de posters is in neakene frou te sjen dy't omtinken freget foar in foarstelling fan de Vliegende Panters.
Earder ûntstie yn Smellingerlân ek al opskuor oer de poster. Op it gemeentehûs fan Dongeradiel binne al in soad klachten binnenkaam. De gemeente lit wite neat te dwaan oan de posters, om't se foldogge oan de wet.