Fytser (80) oanriden yn Drachten

© Omrop Fryslân
In 80-jierrige fytser út Drachten is tiisdeitejûn op de Gauke Boelensstrjitte yn syn wenplak ferwûne rekke by in oanriding. De man fytste oer de paralleldyk en woe oerstekke om de Houwenstrjitte yn te riden.
Fanút it sintrum kaam in auto, bestjoerd troch in Drachtster (30). Neffens de automobilist stuts de fytser ynienen oer en wie in oanriding net foar te kommen. De fytser hie ferwûnings oan de ribben en in foet.