Iensidich ûngelok op De Jouwer

© Omrop Fryslân
Op De Jouwer is tiisdeitejûn in 54-jierrige automobilist út De Triemen ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. De man skrok fan in auto mei oanhingwein, dy't ynienen foar him kaam te riden.
De man út De Triemen makke dêrtroch in stjoerkorreksje, ferlear de macht oer it stjoer en fleach inkelde kearen oer de kop mei syn auto. It personiel fan de ambulânse koe de bestjoerder op it plak sels behannelje.