Overweg wurdt trener by ReadGiel

Niels Overweg wurdt trener/coach fan it earste team fan de Ljouwerter fuotbalferiening ReadGiel. Hy begjint no freed. Overweg wie oant heal oktober haadtrener by sportklub Frjentsjer.
Hy is dêr troch it bestjoer fuortstjoerd om't er yn in kompetysjewedstriid tsjin Stiens in spiler yn de noas biten hie. It bestjoer fan ReadGiel en Overweg ha in kontrakt sletten oant en mei maaie '07.