Automobilist rydt tsjin beam

© Omrop Fryslân
In automobilist (48) út Sigerswâld is tiisdeitejûn op de Haarsterreed yn Fryskepeallen mei syn auto tsjin in beam riden. Dit as gefolch fan in efterfolging troch de plysje.
De man út Sigerswâld moast yn syn wenplak op it Foarwurk stilhâlde foar in alkoholkontrôle, mar hy ried troch. De plysje sette de efterfolging yn fia Mearum nei Fryskepeallen. De bestjoerder ferlear op in momint de macht oer it stjoer. Hy is oanhâlden.