Boarg. Lyklema hâldt 1 maaie op

Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen hâldt op 1 maaie op mei syn funksje. Lyklema hat de keninginne frege om him mei yngong fan dy datum ûntslach te ferlienen. Lyklema waard ein ferline jier troffen troch in hertoanfal.
Fanwege syn sûnenstastân, mar ek fanwege syn leeftiid (hast 61) hat er besletten op te hâlden. Lyklema sit op it stuit noch siik thús, mar is fan doel op 1 desimber wer mei syn wurk te begjinnen.