Gjin rêdingsfest oan op skip

© Omrop Fryslân
Fjouwer op de tsien binnenskippers drage gjin rêdingsfest as se gefaarlik wurk dogge op it dek. Dat docht bliken út kontrôles fan de Arbeidsynspeksje. Ek it ûnderhâld fan masines op de skippen doocht net altyd en bemanning kin net feilich oan board komme.
Yn de perioade 1997-2005 binne 14 minsken omkommen yn de binnenfeart yn Nederlân. Faak wie ferdrinking de oarsaak. De Arbeidsynspeksje hat by in soad skippen warskôgings útdield.