Soepboer wer by Farsk

Dichteres en skriuwster Albertina Soepboer út Grins komt op 'e nij yn de redaksje fan it Fryske ynternettiidskrift Farsk. Earder siet se fan 2003 oant healwei 2005 yn de redaksje, mar se moast dêr doe troch omstannichheden mei ophâlde.
Se bleau wol belutsen as skriuwster fan proaza en poëzij. Soepboer begjint mei yngong fan de produksje fan nûmer 84 as redakteur poëzij en oersettings.