Mear hege ynkommens yn Ljouwert

08 nov 2006 - 06:18

Der wenje hieltyd mear minsken yn Ljouwert mei in heech ynkommen. Dat docht bliken út de enkête 'Cijfers voor Wijken' fan de gemeente Ljouwert.

Hast 5500 húshaldens yn Ljouwert hawwe yn 2005 mei dien oan de enkête. Der wurde fragen steld oer wurk, oplieding, ynkommen, wenjen, ferhúzjen en feiligens. It gemeentebestjoer is der wiis mei dat der hieltyd mear minsken yn Ljouwert wenje dy't mear te besteegjen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)