Steaten te set oer Fries Museum

08 nov 2006 - 06:11

Provinsjale Steaten nimt woansdei it beslút oft it akkoart giet mei de betingsten foar de ferhuzing fan it Fries Museum nei it Saailân yn Ljouwert. Fan de provinsje wurdt ferwachte dat it 10,5 miljoen euro útlûkt foar de ferhuzing.

It CDA en VVD woene dat oant no ta net tasizze. De finansjele risiko's soene te grut wêze. Der is ûndertusken in masterplan makke, dat goedkard is troch de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)