'Berneopfang sels regelje'

© Omrop Fryslân
De oerheid moat him sa min mooglik bemuoie mei de wize wêrop't âlden en de berneopfang de soarch foar de bern regelje. Dat sei minister Aard Jan de Geus fan Sosjale Saken by in besite oan in bernedeiferbliuw yn Goutum.
De Geus fynt dat in bernedeiferbliuw syn eigen kar meitsje moat oer wat bern foar de takomst meikrije. Boppedat moat berneopfang net fergees wurde. Guon oare partijen, wêrûnder de PvdA, wolle dat al.