TU Delft: Iselmardiken fersakke

© Omrop Fryslân
De Iselmardiken binne de lêste jierren bot fersakke. Dat docht bliken út ûndersyk fan studinten fan de TU Delft. Sy ha by it ûndersyk nije satellyttechniken brûkt.
By Harns leit in stik dyk fan 10 kilometer in stik leger as foarhinne. De ûndersikers tinke dat de sâltwinning yn it gebiet dêrfoar mooglik de oarsaak is. Woansdei wurdt it ûndersyk fan de Technyske Universiteit Delft presintearre.