Mear Fryske Dirk van den Broek's

07 nov 2006 - 15:39

De Amsterdamse supermerkketen Dirk van der Broek hat grutte plannen yn Fryslân. Neist de festiging dy't moarn iepengiet yn Wolvegea komme der ek guonts yn Drachten en Ljouwert.

Van den Broek is fierders drok yn ûnderhanneling mei in grut tal Fryske gemeenten oer festiging yn oare wat gruttere plakken. Sa binne der ûnder oare konkrete plannen foar Snits, Stienwyk en De Jouwer. Foar't it safier is, kin it wol eefkes duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)