Kim Wilde iepenet Domino Day
De Ingelske sjongeres Kim Wilde sil op 17 novimber it earste dominohoutsje omtikje fan Domino Day yn it WTC-Expo yn Ljouwert. Foar it wrâldrekord moatte goed fjouwer miljoen houtsjes omgean.
It tema is diskear muzyk. De omfallen dominoblokjes byldzje njoggen muzykstreamings út. De 'ôftik' is om njoggen oere jûns. Twa oere letter moat in nij rekord helle wêze.