Konifearrebrantsjes yn Ljouwert

07 nov 2006 - 14:06

Yn Ljouwert binne moandeitejûn twa konifearrehagen yn 'e brân stutsen. De brântsjes wiene yn de wyk Aldlân yn it westen fan 'e stêd.

De brânwacht moast om healwei tsienen útrukke om it fjoer út te meitsjen op de Daslook. Noch gjin oere letter wie it wer safier. Doe stiene op de Froskepôle 12 meter yn 'e brân. Ek dy brân is troch de brânwacht útmakke. In pear wike lyn wiene der geregeld konifearrebrantsjes op 'e Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)