Alde skâns mooglik wer opboud

© Omrop Fryslân
De âlde ferdigeningsskâns by Blessebrêge wurdt mooglik wer opboud. De feriening Histoary Weststellingwerf hat dêr plannen foar. De skâns makke yn de 80-jierrige oarloch diel út fan 'e Tsjonger-Linde-liny.
It Wetterskip ferheget de kaden fan 'e Linde. Dat bart sa dat as it jild der is, de skâns sa oanlein wurde kin. De skâns is njonken de histoaryske funksje ek fan belang foar de rekreaasje yn it gebiet.