Man út Wurdum (30) fermist

07 nov 2006 - 12:25

In Wurdumer (30) wurdt sûnt ferline wike moandei fermist. It giet om Bouke Pieter Offringa. Hy is ferline wike mei de auto nei Kerkrade riden foar in kursus en sûnt dy dei net wer sjoen. De plysje besiket de achterheljen wêr't de man bedarre is.

Offringa is twa meter lang, blond en hat in tattû op 'e linkerearm en de linkerfoet. De man ried dy dei yn in reade Mitsubishi Carisma mei it kenteken XX-BD-41.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)